Twatalich plaknammeboerd Aurich

21 sep 2004 - 12:12

De plakken Aurich en Großheide yn East Fryslân ha sûnt koarten twatalige plaknammebuorden. Op inisjatyf fan 'e Ostfriesische Landschaft en de Niedersächsische Heimatbund is njonken Aurich no ek de Nedersaksyske namme Auerk oanjûn.

It giet om de earste twatalige plaknammebuorden Dúts-Nedersaksysk. De Ostfriesische Landschaft hopet no dat oare gemeenten yn Nedersaksen it foarbyld fan Auerk folgje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)