Finzenen Marwei oerpleatst

21 sep 2004 - 10:12

Justysje sil in tal finzenen fan De Marwei yn Ljouwert oerpleatse. Dat is in reaksje op de aksje fan de finzenen ôfrûne wykein. Justysje hopet dat mei oerpleatsing fan de hurde kearn fan de aksjefierders it konflikt delbêdet.

Dit wykein wegeren 60 detinearden om werom te gean nei har sel. In arrestaasjeteam en 4 plysje-hûnen moasten der oan te pas komme. De detinearden protestearren tsjin de fersoberingen yn de finzenis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)