Van der Lende trener nije ploech

© Omrop Fryslân
Sijtje van der Lende wurdt trener fan in nije reedrydploech. Se krijt fjouwer renommearre riders ûnder har, mar de nammen dêrfan wurde freed pas bekendmakke. Dan wurdt ek bekend wa't de sponsor is.
In wurdfierder fan de nije ploech seit dat it giet om riders dy't har spoaren al fertsjinne ha op de langebaan. Van der Lende wie earder trener fan ûnder mear de DSB-ploech. DSB is dit jier gjin sponsor mear fan in ploech.