Soad blessueres by Cambuur

21 sep 2004 - 00:00

Cambuur hat foar de bekerwedstriid tsjin Stormvogels/Telster grutte personele problemen yn 'e ferdigening. Sawat de hiele ferdigening is blessearre of skorst. Ronny Venema hat in skorsing foar ien wedstriid nei syn reade kaart yn Eindhoven. Angelo Zimmerman en Mitchel Piqué binne ek net fit. Jamal Akachar, Jan Bruin en Stephan van Hoving binne der ek net by.

Cambuur hat no noch mar ien ferdigener oer en dat is Koen Brack.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)