Busser ferskuort wurk út protest

20 sep 2004 - 16:48

Waadskilder Geurt Busser sil woansdei 60 akwarellen stikken skuorre. Hy docht dat út protest. Busser is fûl tsjin de plannen om nei gas te boarjen op de Waadsee. Neffens him wurdt it Waad ferkwânsele foar jild.

De aksje is yn Grins, dêr't Busser wennet. Fan it ferskuorde wurk wurde affisjes makke, dy't freed oanbean wurde. Dan binne leden fan de kommisje Meijer yn Grins. Dy kommisje sei dat boarjen net skealik is foar it Waad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)