Wind populêr by sutelaksje

20 sep 2004 - 16:30

Koos Tiemersma, Harmen Wind en Durk van der Ploeg lykje yn de Sutelaksje fan stichting It Fryske Boek de bêst ferkeapjende auteurs te wurden. Foaral de autobiografyske roman 'It ferset' fan Harmen Wind, profitearre de ôfrûne wike fan de aksje Boek fan de Wike.

Nei twa wiken suteljen is der foar hast 72 tûzen euro oan boeken ferkocht. De boeke-sutelders binne dizze wike yn ûnder mear Achlum, Hylpen, Terherne, Aldwâld en Starum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)