Fûgelhutte mei tunnel by Eanjum

20 sep 2004 - 14:12

Fûgelleafhawwers kinne fan takom maitiid ôf by Eanjum itende guozzen besjen. Dêrfoar wurdt in fjouwerhûndert meter lange tunnel oanlein. Dat hat Natuermonumenten moandei bekendmakke.

De tunnel komt yn de Bantpolder, ûnder in dyk. Oan de ein fan de tunnel komt in grutte hutte, foar in part ûnder de grûn. Om de de hutte te berikken sûnder de fûgels ôf te skrikken, moatte de fûgelleafhawwers earst troch de tunnel hinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)