Aksje finzenen tsjin fersobering

© Omrop Fryslân
De finzenen yn De Marwei, dy't freed nei it luchtsjen wegeren werom te gean nei har sel, protestearren dêrmei tsjin de fersoberering yn de finzenis. Dy fersobering is in gefolch fan de besunigingen yn de Nederlânske finzenissen.
De finzenen yn Ljouwert fine dat se te lang op sel sitte moatte en dat der te folle snoeid is yn aktiviteiten foar deibesteging. In arrestaasjeteam moast freed in ein meitsje oan de opskuor.