Man yn auto bedrige

© Omrop Fryslân
In man út Noardwâlde is snein yn syn auto mei in mes bedrige. In oare auto kaam achter him te riden, begong te bumperkleven en helle yn. De oar liet in mes sjen, snijde syn slachtoffer ôf en remme.
De Noardwaldster remme ek, wêrnei't de fertochte mei in mes op him ôf kaam. It slachtoffer joech hurd gas en waard earst noch in skoftke echterfolge. Hy hat oanjefte dien, de plysje koe de fertochte letter op 'e jûn oanhâlde.