Weening 33e yn klimtiidrit

© Omrop Fryslân
Pieter Weening is snein yn de fyftjinde etappe fan De Ronde fan Spanje 33ste wurden. De ynwenner fan De Harkema moast yn in drege klimtiidrit oer 29,6 kilometer mear as sân minuten tajaan op de Spaanske winner Santiago Perez. Weening wie de bêste Nederlanner.
Yn it algemien klassemint bliuwt Roberto Heras de lieder. Pieter Weening stiet op it 69ste plak. Hjoed is de twadde rêstdei. De Vuelta duorret noch oant en mei snein.