Solidair Fryslân lilk

20 sep 2004 - 11:49

De roomske maatskiplike organisaasje Solidair Fryslân dy't sneon har 50-jierrich jubileum fierde, is lilk op de provinsje. De organisaasje soarget foar earmen, asylsikers en jongeren dy't yn de knipe sitte.

Al in pear jier wurdt Solidair Fryslân oan it lyntsje hâlden oangeande de subsydzjeferstrekking. En dat is net yn ferhâlding mei it goede wurk dat se dogge, sa sei foarsitter Lolkema sneon yn in taspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)