Hearrenfean - NAC: 3-0

© Omrop Fryslân
Sportclub Hearrenfean helle sneontejûn yn it Abe Lenstrastadion in fertsjinne oerwinning. Tsjin NAC Breda waard it 3-0 mei twa doelpunten fan Klaas Jan Huntelaar en ien fan Stefan Selakovic.
Net allinnich NAC helle de einstreek mei 10 man (Pieter Collen moast derút fanwege twa giele kaarten), ek by SC Hearrenfean krige in spiler, Said Bakkati, twa kear giel. Bakkati koe acht minuten foar de ein nei de klaaikeamer.