Nij badpaviljoen op De Lemmer

© Omrop Fryslân
Oan de Plattedyk op De Lemmer wurdt dizze moanne noch út ein set mei de bou fan it nije badpaviljoen. Soks is mooglik om't it gemeentebestjoer fan Lemsterlân frijstelling jout foar it jildende bestimmingsplan.
Earder wie sa'n frijstelling ek al by de provinsje oanfrege, mar troch de fakânsjeperioade kaam der pas dizze moanne antwurd fan Deputearre Steaten. It bouwen fan it nije paviljoen duorret in pear moanne.