'Te min lieding by CDA'

© Omrop Fryslân
De grutte argewaasje yn Provinsjale Steaten oer it boarjen nei gas yn de Waadsee, hat alles te krijen mei gebrek oan lieding by it CDA. Dat sei deputearre Bijman fan it CDA freed yn it tv-programma Faktor Freed.
Yn de steatefergadering wie woansdei hast in bestjoerskrisis. Op it lêst gongen de deputearren dochs troch it stof. De argewaasje wie foarkommen, as fraksjefoarsitter Van der Ham syn wurk goed dien hie, sei Bijman freed.