Windstrekenfestival begûn
Mei in grut fergees konsert op it Saailân yn Ljouwert is freed it Windstrekenfestival útein set. It festival duorret trije dagen en presintearret mei in soad optredens ferskate soarten blaasmuzyk.
De belangstelling op it Saailân wie freed net al te grut. Earder al waard ien fan de ûnderdielen op freed ôflast fanwege tsjinfallende kaartferkeap.