Toer Warkumer tsjerke beklommen

18 sep 2004 - 16:07

Klimmers fan de Fryske klimferiening Friends ha sneon de toer fan de Warkumer Gertrudestsjerke beklommen. De klimmers woene sa ûnder mear omtinken freegje foar it feit dat der yn Fryslân net in klimhal is, dêr't se har sport beoefenje kinne.

In soad minsken wiene tsjûge fan it besykjen fan de klimmers om de top te heljen. It beklimmen fan de tritich meter hege toer foel de klimmers ôf. De rûte wie dreger as ferwachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)