Bou fan bysûnder houten skûtsje

18 sep 2004 - 14:22

In folslein houten skûtsje is sûnt 85 jier net mear boud. Bysûnder dus. Yn Earnewâld is freed in begjin makke mei de bou fan in replika fan de ferneamde Aebelina, in skûtsje troch Eeltsje Baas yn 'e njoggentjinde ieu boud. Trije âld skûtsjeskippers timmeren freed it boerd mei de wurknamme alfêst op 'e kyl.

De bou begjint wol, mar it jild is noch net rûn. De helte fan it jild moat noch by elkoar brocht wurde. De bou kostet in heal miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)