Fryske munten yn Utrecht fûn

© Omrop Fryslân
Yn Utrecht binne Fryske munten fûn út de earste helte fan de achtste ieu. Argeologen ha yn de nije wyk Leidsche Rijn 121 sulveren munten fûn. De measten binne Fryske sceatta's. Fryslân hearske doe ek oer Midden-Nederlân.
Earder binne wol faker sokke munten fûn, mar net earder safolle tagelyk. De fynst is trije moannen lyn dien by opgravingen by in Romeinse delsetting. De munten binne yn oktober te sjen yn de útstalling Vikingen!