Stel trout yn opknapt stedhûs

18 sep 2004 - 10:52

Tsjeard Rijpma en Jellie Veninga út Oentsjerk binne it earste breidspear yn it opknapte stedhûs fan Ljouwert. It stel waard freed troch wethâlder Gerrit Krol. Dat wie yn de eardere riedsseal dy't yn âlde steat werombrocht is. Alle skilderijen binne opknapt. Dat koste in soad tiid en jild.

Oan de bûtenkânt fan it stedhûs oan it Gouverneursplein moat noch wol wat dien wurde. Mar de oplevering komt hieltyd tichterby.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)