Weening 67e yn Keninginnerit

© Omrop Fryslân
Pieter Weening fan De Harkema is yn de tolfde etappe fan de Vuelta, De Ronde fan Spanje, 67ste wurden. Yn dizze 'Keninginnerit' oer trije hege bergen mei de einstreek op twa kilometer hichte gong de oerwinning nei de Spanjaard Roberto Heras. Dy makke in dûbelslach, want hy waard dêrmei ek de nije klassemintslieder.
Pieter Weening hie mear fan dizze drege etappe ferwachte. Hy stiet no op it 76ste plak yn it klassemint.