'Bear' blykt hûn te wêzen

© Omrop Fryslân
It mystearje fan de losrinnende bear yn it Lauwersmargebiet is oplost. It is no wis dat it om in grutte hûn giet. De New Foundlander is fan in man dy't mei de boat yn de haven fan Lauwerseach leit.
De hûn hat tige lange neils en syn spoaren soargen dêrom foar betizing. It ferhaal oer in bear kaam fan twa toeristen. Dêrnei is in grutte sykaksje op poaten set. Steatsboskbehear praat freed mei de eigner fan de hûn.