Brêge Suderbuorren leit derút

17 sep 2004 - 17:54

De Pylkwiersterbrêge yn Suderbuorren is bûten gebrûk. Al in pear wiken binne der problemen mei de brêge yn de Ljouwerter wyk. De brêge leit der no hielendal út om't ûnderdielen foar reparaasje nei it fabryk binne.

In part fan de bewenners kin net mear mei grutte skippen op iepen farwetter komme. De Nauwe Greuns oan de oare kant wie al ôfsletten fanwegen de oanlis fan de ferdûbeling fan de Wâldwei. Woansdei moat de brêge wer klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)