Feesten Thialf folle lûder

© Omrop Fryslân
Op de grutte houseparty fan sneon op Thialf mei de muzyk folle lûder stean as oars. De gemeente hat dêr tastimming foar jûn. Oant no ta mocht bûten Thialf net mear as 50 desibel oan leven te hearren wêze. Dat is no 53 wurden. Dat liket net folle, mar by desibellen betsjut in taname fan 3 folle mear lûdsoerlêst. De omwenners kleie dêroer.
Der wurde dy't wykein 15.000 minsken ferwachte op it evenemint Masters of Hardcore.