Dakpandieven yn Dronryp

© Omrop Fryslân
Yn 'e omkriten fan Dronryp binne dakpannen rôversguod. Yn koarte tiid binne twa partijen stellen. In ynwenner fan Dronryp die freed oanjefte fan stellerij fan 800 dakpannen. Wylst er op it plysjeburo yn St. Anne wie om dat te dwaan, waard de folgjende partij fan 300 stiks fan syn hiem helle.
De plysje is no op syk nei in auto mei in karfol dakpannen derachter. It giet om read glazuerde dakpannen.