Merkkeaplju wolle gjin museum

17 sep 2004 - 16:57

De Ljouwerter merkkeaplju komme yn aksje tsjin it nije Frysk Museum op it Saailân. Se binne bang foar in 'Betuweline-debakel' mei heech oprinnende kosten. Dêrom moatte de boargers harren miening jaan kinne.

Ien fan de keaplju set takom freed in frachtauto mei twa stimbussen foar de yngong fan de parkeargaraazje del. Der kin stimd wurde fia in 'ja-bus' en in 'nee-bus'. De merk hat minder plak as it nije museum der stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)