Johan vd Veen bliid mei frijheid

© Omrop Fryslân
Johan van der Veen út Wergea genietet fan de anonimiteit. Hy hat fiif jier yn de spotlights stien mei it suksesfolle duo Twarres mei Mirjam Timmer. Hy wurket as administratyf meiwurker en is fan 't simmer troud mei syn freon.
Doe't Twarres begjin dit jier ophâlde, kundige Johan oan dat er de teater- en musicalwrâld yn woe. Dat is er net fan kaam. Hy fynt it hearlik om wykeins frij te hawwen en bringt in soad tiid mei famylje troch.