Nachthoanne moat yn it hok

© Omrop Fryslân
In hoanne dy't yn Surhústerfean foar lûdsoerlêst soarget, moat tenei nachts yn in tsjuster hok. Dat hat de gemeente Achtkarspelen de eigner yn in brief witte litten. De gemeente kaam yn aksje nei klachten fan omwenners. Prate mei de eigner fan de hoanne smiet neat op en plysjebemiddeling ek net.
Dêrop stelde de gemeente Achtkarspelen in ûndersyk yn. De hoanne is aktyf fan 11 oere jûns oant 7 oere moarns. Giet er net yn it hok, folget ynbeslachname.