Brân yn iisstadion Thialf

© Omrop Fryslân
Yn 'e technyske romte fan iisstadion Thialf hat tongersdei brân west. Dy ûntstie by it fuortheljen fan de âlde kuolmasine. Gelok by in ûngelok wie dat de ammoniak fan 'e âlde masine al fuort wie, oars hie de lytse brân in lytse ramp wurde kinnen. De brânwacht krige it fjoer gau út.
IIsstadion en restaurant kamen fol reek te stean. Mei de ôfsûchynstallaasje waard de reek wer fuortblaasd.