Lelystêd wol inkeld sweeftrein

17 sep 2004 - 12:09

Lelystêd wol allinnich meibetelje oan it Suderseespoar as it in sweeftrein wurdt mei in stop yn Almere foar op syn heechst 19 miljoen euro. Dat hat de gemeenteried besletten. B en W slute ynkoarten in akkoart mei it Ryk oer de rappe ferbining nei it Noarden.

Amsterdam en Haarlemmermeer beslute der meikoarten ek oer. Fryslân moat sels noch in hânteken sette ûnder de gearwurkingsoerienkomst oer it Suderseespoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)