Kokkelfiskers mei ryk om tafel

17 sep 2004 - 11:21

De kokkelfiskers sille moandei prate mei it ministearje fan lânbou oer in útkeapregeling. Troch in útspraak fan 'e Ried fan Steate kaam tiisdei in ein oan de grutskalige kokkelfiskerij.

De útspraak betsjut dat in pear moanne earder as it doel wurdt in ein komt oan de kokkelfiskerij. Siktaris Holstein fan 'e produsinte-organisaasje hopet op finansjele kompinsaasje fan it ryk. Der wurkje meiinoar in pear hûndert minsken yn 'e kokkelsektor.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)