Undersyk plysje nei âlde saak

17 sep 2004 - 09:53

It coldcaseteam fan de plysje Fryslân ûndersiket in âlde moardsaak fan 15 jier lyn yn Ferwert. It giet om de moard op de 30-jierrige Simone de Laat. Se waard yn desimber 1989 dea yn har hûs fûn. Se is nei alle gedachten troch wurging om it libben kommen. De plysje hat de dieder(s) nea fine kinnen. It coldcaseteam hâldt him dwaande mei net oploste geweldsdelikten.

Yn Plysjepost fan Omrop Fryslân, 21 septimber, is omtinken foar de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)