Van der Hoek moat Noordned helpe

© Omrop Fryslân
Ald-fakbûnsman Hoekzema bemiddelt net langer yn it skeel tusken de direksje fan Noordned en de ûndernimmingsried. De direksje hat woansdei kommissaris Van der Hoek fan Noordned nei foaren skood as bemiddeler.
De direksje hat syn nocht fan alle kommoasje yn it bedriuw. Dy is ûntstien nei't de UR easke dat direkteur Braam opstapte. Foarsitter De Jong fan de UR is net ûntefreden mei Van der Hoek as bemiddeler.