Noed oer takomst Waadgebiet

16 sep 2004 - 13:49

De takomst foar de regio om de Waadsee hinne sjocht der net goed út. Troch fergrizing en it fuortlûken fan heech oplate minsken bliuwt de ekonomyske groei struktureel achter by de rest fan Europa. Dat docht bliken út ûndersyk fan buro Prognos yn opdracht fan it Waadseefoarum.

It Nederlânske Waadgebiet springt der yn it rapport posityf út yn ferliking mei it Dútse en Deense part. Freed wurdt it ûndersyk presintearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)