Rappe ICE-trein die Fryslân oan

16 sep 2004 - 12:25

De Inter City Exprestrein die woansdei Fryslân oan. De rappe trein kaam yn Ljouwert yn it ramt fan de 'Week van de Vooruitgang' fan de Nederlânske Spoarwegen. De hegesnelheidstrein rydt gewoanwei allinnich tusken Amsterdam en Keulen/Frankfurt.

De rit gie juster nei Zwolle. Mei de rit wol de NS it Noarden sjen litte watfoar materieel der is. Fia lotsjen koenen minsken tagongskaarten krije. De trein kin 330 kilometer/oere helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)