Jeugdbestjoer H'mase Boys fuort

16 sep 2004 - 11:54

It folsleine jeugdbestjoer fan fuotbal- klup Harkemase Boys is dizze wike opstapt. Wat de reden foar it opstappen krekt is, is net bekend makke. Koartlyn waarden seis jeugdleden skrast fanwege belutsenheid by in fjochtpartij oan de ein fan ferline seizoen.

Harkemase Boys spile doe de finaleronde fan de beker. Supporters fan de Boys en oanhingers fan WKE rekken doe slaande deilis. Neffens foarsitter Spinder hat it opstappen dêr neat mei te krijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)