Bear yn Lauwersmargebiet?

16 sep 2004 - 11:42

Der soe in grutte bear omrinne yn it Lauwersmargebiet. Steatsboskbehear hat dêr in melding fan krigen. De bear soe sinjalearre wêze yn de Marnewaard, yn de buert fan de kazerne fan Definsje. Soldaten ha woansdei oeren socht nei it bist, mar ha de bear net fine kinnen.

Wol binne der spoaren fûn. Neffens de lêste berjochten fan Steatsboskbehear is it waarnommen bist nei alle gedachten in bearmarter, in grutte martersoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)