Twadde Keamer stipet Noarden

16 sep 2004 - 10:28

De Twadde Keamer hat der by it kabinet opnij op oantrune it Noarden ek nei 2006 finansjeel te stypjen. Steats- sekretaris Van Gennip is dat net fan doel. Sy wol 2006 ophâlde mei it beteljen fan it Langmanjild.

Fryske, Drintse en Grinzer steateleden hawwe woansdei in petysje oanbean yn Den Haach. Sy wolle dat it regear de ôfspraak neikomt om oant 2010 troch te gean mei de finansjele stipe. D66 en de hiele opposysje stypje it Noarden no.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)