Skeel Noordned noch net oplost

16 sep 2004 - 10:06

De kâns is grut dat de rjochter tongersdei in útspraak dwaan sil oer it skeel tusken de ûndernimmingsried en de direksje fan NoordNed. Ald-fakbûnsman Hoekzema is oanwiisd om it skeel op te lossen, mar direksje en UR binne it net iens oer it foech dat it delegearre bestjoer krijt.

NoordNed hat de UR woansdei in nij foarstel dien om it skeel op te lossen. Foarsitter De Jong fan de UR seit dat Hoekzema dêryn noch minder foech krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)