Dales wol kriminaliteit oanpakke

16 sep 2004 - 09:47

Boargemaster Dales fan Ljouwert wol de kriminaliteit yn de stêd hurder oan- pakke. Hy fynt de feilichheid in grut probleem yn Ljouwert. Dales sei dat woansdei by de Fryske Akademy.

Dales wol dat drugsferslaafden fan bûten de stêd yn de eigen gemeenten opfongen wurde en dat Ljouwert in Antillianegemeente wurdt. Op dit stuit binne der sân Antillianegemeenten yn Nederlân dy't mei-elkoar stride tsjin groepen kriminele Antilliaanske jeugd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)