Yntylt bedriget Frysk hynder

15 sep 2004 - 15:57

Yntylt is in folle grutter probleem foar it Fryske hynder as tocht wurdt. Dat yntylt by de ûntwikkeling fan it ras in wichtige rol spilet, is bekend. Bistedokter Mello Sevinga fan Akkrum hat no wittenskiplik oantoand hoe grut it probleem is en promovearret dêr dizze moanne op.

Syktes driigje al oer 5 oant 10 jier de kop op te stekken. Dêrom moatte mear hynsten ynset wurde foar fuortplanting, sa fynt Sevinga.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)