Wissmann wurdt skaakgrutmaster

15 sep 2004 - 12:22

Skaker Dolf Wissmann fan Ljouwert is de ôfrûne wike grutmaster wurden yn it oplossen fan skaakproblemen. Wissmann helle dizze titel op de jierlikse gearkomste fan skaakprobleemfreonen, dy't dit jier yn Kallithea yn Grikelân hâlden waard.

By de gearkomste waarden twa wedstriden organisearre: in iepen en in sletten toernoai. Wissmann wûn it iepen toernoai en waard yn it sletten toernoai 8e fan de 85 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)