Dokkumer swimbad net djoerder

15 sep 2004 - 10:36

Gemeenteriedsleden fan Dongeradiel wolle dat de tagongsprizen foar it Tolhúsbad yn Dokkum nei privatisearjen net folle heger wurde. It Tolhúsbad is yn hannen fan in nije eksploitant, it bedriuw Optisport út Gorinchem.

Wethâlder Ate Oosterhof seit lykwols dat in priisferheging net oan de oarder is. De prizen lizze fêst en sille allinnich omheech gean oerienkomstich de ynflaasje. Mei de privatisearring besparret de gemeente 100.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)