Friesland College yn de prizen

© Omrop Fryslân
It Friesland College yn Ljouwert hat twa prizen helle by de Metopia Awards. Metopia is in programma fan it opliedingsfûns foar metaal- en elektrabedriuwen. Dêrtroch moatte skoallen en bedriuwen mear gearwurkje.
De prizen geane nei it Techno Lyceum en it projekt Techno One. It Techno Lyceum is in gearwurking fan it Friesland College mei oare skoallen en bedriuwen. Techno One is in wurkprojekt foar vmbo-learlingen sûnder diploma.