Grien ljocht foar nij Saailân

© Omrop Fryslân
B. en w. fan Ljouwert ha tiisdei it griene ljocht jûn foar it nije Saailân mei it nije Frysk Musem. De plannen foar in folslein nij plein mei nij museum en winkelsintrum kostje meiinoar 118 miljoen euro. De plannen moatte it plein oantreklik en spannend meitsje. Der is noch wol in tekoart fan 29 miljoen euro.
It nije museum en it nije plein moatte yn 2009 klear wêze. De gemeenteried moat noch wol grien ljocht jaan.