Dakleazen moatte eigen rekken ha

15 sep 2004 - 10:06

Dakleazen soenen in eigen bankrekken ha moatte. Dat seit direkteur Van Anken fan opfang de Terp yn Ljouwert. Yn de ôfrûne trije jier ha tûzen dakleazen in bankpas krigen.

Van Anken fynt it in goed idee om foar dakleazen in basisrekken te iepenjen. Wol is strange kontrole nedich, sadat de bankpashâlders net samar jild útjaan kinne. Kliïnten fan de Terp kinne al in pear jier gebrûk meitsje fan in eigen banksysteem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)