Minút stilte foar Beslan

14 sep 2004 - 18:18

Op in soad skoallen is tiisdei om 12 oere in minút stilte hâlden foar de slachtoffers fan 'e gizeling yn it Russyske Beslân. Yn Fryslân diene in soad skoallen mei, ek al kaam it tiidstip guon skoallen minder goed út.

Op Dr. Algraskoalle yn Ljouwert wie it ek in minút hielendal stil. De skoalle hie earder bern út Wyt-Ruslân op besite. En der sit in Russysk jonkje op skoalle. Yn 'e klas wurdt dizze wike noch fierder praat oer it ûnderwerp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)