Buertbudzjet wurdt net opbrûkt

© Omrop Fryslân
Smellingerlân hâldt jild oer yn de pot buertbudzjet. Ynwenners wurde frege mear projekten oan te dragen dy't út dy pot betelle wurde kinne. Fan de 90.000 euro is dit jier noch mar 13.000 euro fuortjûn oan boargerinisjativen.
It budzjet is bedoeld om de leefberheid yn de wenwiken en doarpen te ferbetterjen. Te tinken falt bygelyks oan saken as de oanlis fan in trapfjildsje of it delsetten fan leugenbankjes.