Spesjale film yn trein te sjen

© Omrop Fryslân
Treinreizgers tusken Ljouwert en Grins kinne in film besjen oer de omjouwing fan it trajekt. De film Transit is makke troch keunstners út Grins. De film is inkeld te sjen yn de sneltrein en duorret likelang as de reis.
Doel is stil te stean by it lânskip dat oan de reizgers foarbylûkt. De film is fia in projector op de spesjaal oanpaste kopse kanten yn de kûpee te sjen. De film draait de lêste wike fan septimber.