Ronald McDonaldhûs iepen

14 sep 2004 - 12:27

It Ronald McDonaldhûs yn Ljouwert is tiisdei foar it earst iepen foar gasten. It hûs stiet neist it MCL. Alden fan slim siike bern dy't yn it sikehûs lizze, kinne sa dei en nacht by har bern wêze. Sechstich frijwilligers wurkje yn it hûs.

De bou fan it Ronald McDonaldhûs wie begjin july klear. De bou koste oardel miljoen euro. Bedriuwen en ynstellings ha it grutste part dêrfan betelle. De offisjele iepening is yn novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)