CU: fragen oer ûndersyk Sonac

© Omrop Fryslân
De provinsje moat gau komme mei de útslach fan it leefberensûndersyk ûnder de omwennners fan Sonac yn Burgum. Dat fynt de steatefraksje fan Christen Unie/SGP. It ûndersyk is hast in jier lyn hâlden. Der binne ek geurmjittings dien om de stankoerlêst te bepalen. De provinsje wol de risseltaten brûke by it ferlienen fan fergunningen.
ChristenUnie/SGP wol witte hoe't dit gebeure sil en hat dêroer skriftlike fragen steld.